Frou mei auto yn sleat

© Omrop Fryslân
In 51-jierrige automobiliste út Visvliet is freed by Boerum ferwûne rekke. De frou ferlear troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer en belâne mei har auto yn de berm, se rekke in beam en bedarre mei har auto yn de sleat.
It slachtoffer moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Se is mei in ambulânse nei it sikenhûs fan Dokkum brocht.