Pieter Weening wol nei de Tour

Pieter Weening (foto: Martin de Jong)
Pieter Weening fan De Harkema hopet yn july fan start te gean yn de Tour de France. Foar de hurdfytser komme der belangrike wiken oan. It seizoen is yntusken folop oan 'e gong, mar Weening rydt noch gjin wedstriden. Troch in knibbelblessuere is de hurdfytser fan de Rabobank faak te finen by de fysioterapeut.
Weening seit hast wer fit te wêzen en wol him yn de Dauphiné Libéré en Rûnde fan Switserlân bewize.