Mear oandacht minskerjochten

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik ekstra omtinken foar de minskerjochten binnen de Olympyske beweging. Dat hat foarsitter Rogge fan de Ynternasjonale Olympyske Beweging sein. Foarsitter Erica Terpstra fan NOC-NSF yn Nederlân is dêr bliid mei.
Dat sei se freed by de start fan de Alvestêderoeimaraton yn Ljouwert. Saken lykas de frijheid fan mieningsutering spylje aanst mooglik ek in rol as it giet om it plak dêr't de Olympyske Spelen hâlden wurde.