Crone komt op foar slachterij

02 maaie 2008 - 18:04
  • Boargemaster Crone komt op foar Friesland Vlees

Boargemaster Crone fan Ljouwert wol dat minister Verburg mei oplossing komt foar Friesland_Vlees. Se moat derfoar soargje dat it bedriuw sa gau mooglik wer iepengiet. Dat makket de boargemaster freedtejûn bekend yn it aktualiteiteprogramma Nova op Nederlân 2.

It lânbouministearje hat de kompjûters fan it bedriuw blokkearre. Eigner Wildeboer hie drige it mailferkear fan LNV te fersteuren. Der is rûzje oer al of net siik fee dat slachte is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)