Wykein gjin trein nei Starum

Wykein gjin trein nei Starum
Der ride sneon en snein gjin treinen tusken Ljouwert en Starum omdat der ûnderhâldswurk dien wurdt oan it spoar tusken Boksum en Wiuwert. De spoaroergongen tusken Boksum en Wiuwert binne ôfsletten en it ferkear wurdt omlaat.
Tagelyk mei it ûnderhâldswurk sil by Hieslum socht wurde nei eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch. Op dat plak is doe in munysjetrein ûntspoard. De minsken dy't yn it gebiet wenje binne op de hichte brocht.