Ryk blokkeart pc's Wildeboer

Kompjûters Friesland Vlees blokkearre troch Minister
It ministearje fan lânbou hat dizze wike de kompjûters by Friesland_Vlees blokkeard. Ek binne alle e-mails dy´t de slachterij yn Ljouwert stjoerd hat ûnderskept en ûndersocht.
It ministearje hat dat dien omdat eigner Wildeboer fan Friesland_Vlees drige hie om mei mail- en faksferkear it ministearje yn Den_Haach ûnberikber te meitsjen. Friesland_Vlees, dat yn opspraak rekke om´t der siik fee slachte wurde soe, sprekt fan pesterij troch minister Verburg.