Man op faaimasine slein

© Omrop Fryslân
De plysje siket twa manlju dy't op Keninginnedei de jûns op It_Hearrenfean in man fan 53 út Aldskoat mishannele hawwe. De man woe op it Van_Harenspaad mei in faaimasine de saak skjinmeitsje. Hy woe dêrby twa fytsen oan 'e kant ha dy't him yn it paad stiene.
De saak draaide út op in skeel. De twa manlju smieten him alkohol yn it gesicht en sloegen him foar de holle. De manlju binne dêrnei fuortfytst.