Harsenskodding op It Fean

01 maaie 2008 - 16:20

De plysje siket út wa´t woansdei twa jonges út Aldehoarne en Jobbegea op It_Hearrenfean mishannele hat. Freonen fan de twa krigen spul mei oaren. De jonge út Aldehoarne woe it delbêdzje, en stapte dertusken. Hy krige in hurde slach tsjin de achterholle. Letter die bliken dat er in harsenskodding hie.

De jonge út Jobbegea gie achter de dieder oan, en hy krige ek klappen. De plysje hat wol in fermoeden wa´t de dieder is en besiket derút te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)