Brutsen noas slein

© Omrop Fryslân
By in fjochtpartij op It_Hearrenfean hat in man út dat plak op 'e jûn fan Keninginnedei de noas brutsen. Hy wie tsjûge by in rûzje tusken kunde fan him. Doe't in oare man him dermei bemuoide, pakte de Feanster him fêst, om foar te kommen dat de saak fierder út de hân rûn.
Doe't se beide op de grûn leine, krige it slachtoffer in hurde klap tsjin de noas, sadat syn noas stikken rekke. Hy is nei it sikehûs brocht.