Trije ferwûnen Twizelerheide

01 maaie 2008 - 16:08

By in auto-ûngelok yn Twizelerheide binne trije minsken ferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak rekke op de Hiltsjemuoiswâlden in 21-jierrige man út Jistrum de macht oer it stjoer fan syn auto kwyt. Hy botste tsjin in beam.

De sjauffeur en syn twa passazjiers fan 19 en 17 rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht. De bestjoerder hie nei alle gedachten te folle dronken. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)