Gelykspul Snits tsjin Be Quick

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits sit noch altyd yn ´e degradaasjesône. De Snitsers spilen de wedstriid fan Himelfeartsdei mei 0-0 gelyk tsjin it Grinzer Be_Quick_1887. It gie om in ynhelwedstriid.
Yn ´e earste helte hie spits Theo Ydema in tal mooglikheden om Snits op foarsprong te setten. Mar by de ôfwurking gie it mis. Ek yn de twadde helte wiene der wol kânsen, mar der foelen gjin doelpunten.