'Stekpartij om bernerûzje'

01 maaie 2008 - 15:18

De oanlieding fan de stekpartij yn Snits fan woansdeitejûn is nei alle gedachten in rûzje tusken bern. Dat docht bliken út plysjeûndersyk.

By de stekpartij oan de Scherwolderhemstrjitte rekken trije minsken ferwûne. Ien leit mei harsenletsel yn it sikehûs. In twadde man leit mei stekwûnen yn it sikehûs. De tredde man koe nei behanneling yn it sikehûs wer fuort, mar sit no fêst op it buro. De ferwûnen hawwe yn it sikehûs bewaking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)