Kampanje tsjin dronken farre

ROF fiert kampanje tsjin farre mei drank op (argyf)
Skippers binne harren net genôch bewust fan ´e gefaren fan alkohol op it wetter. It Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens komt dêrom mei in spesjale foarljochtingskampanje. Dêrmei rinne se foarút op mooglike ferskerping fan de regeljouwing.
Skippers meie no noch in alkoholpromillaazje hawwe dat gelyk stiet oan fjouwer pilskes, mar dat wurdt mooglik trije. Neffens it ROF barre der hieltyd mear ûngelokken op it wetter mei drank yn it spul.