Postman net op 5-maaiefestival

01 maaie 2008 - 12:54

De band Postman komt takom wike moandei net nei it Befrijingsfestival yn Ljouwert. De ôfsluter fan it festival hat ôfsein fanwege sykte. De feestband Kraak_en_Smaak, dy´t ek al op it festival spylje soe, sil no it plak fan Postman oernimme.

Troch it opskowen fan ´e optredens ûnstiet wol in gat yn it programma. Dat wurdt opfold troch de Nederlânske topformaasje Is_Ook_Schitterend, dy´t oan ´e ein fan ´e middei spylje sil by de Aldehou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)