Drokte op blomkemerk

De Blomkemerk yn Ljouwert lûkt lykas alle oare jierren ek dit jier wer in soad folk. De Tesselskadestrjitte en de Lange_Merkstrjitte stean fol mei blommeferkeapers. En de minsken komme út hiel Fryslân, mar ek fan der bûten.
Ien fan de opfallendste ferskinings is de Bloemenkoning. Ien kear yn ´t jier komt er nei Fryslân mei as doel om mei in lege frachtwein wer nei hûs te gean. De Bloemenkoning manifestearret him as in wiere entertainer.