Retrobeurs lûkt 1.500 minsken

01 maaie 2008 - 11:10

Tusken de 1000 en 1500 minsken besochten op Keninginnedei de Retrobeurs yn Minnertsgea. Op de beurs wiene antike trekkers, âld lânbou-ark, âlde motors en sels in auto op stoom út 1901 te besjen.

De tiid fan foarhinne kaam ek werom yn de neiboude âlde feiling fan Minnertsgea en in keamer út de perioade fan de Twadde_Wrâldoarloch. Fierder wie der in samling fan sa´n 700 affysjes en reklameplaten út it ferline te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)