Minder publyk frijmerk Lj'wert

30 apr 2008 - 23:12

Sawat 30.000 oant 35.000 hawwe woansdei nei de frijmerk yn Ljouwert west. Dat is de ynskatting fan de gemeente. Dermei lei it oantal minsken wat leger as ferline jier: doe waard it oantal minsken rûsd op 40.000.

De gemeente is wol tefreden oer it ferrin fan de dei. Der jilden ekstra strange feiligensregels. Dat betsjutte dat der -noch mear as oars- rekken hâlden waard mei goeie rûtes foar helptsjinsten, sa-as de plysje, de brânwacht en de ambulance.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)