Ek feest yn oare plakken

Keninginnedei waard fansels net allinnich yn Frjentsjer en Makkum fierd. Ek al wie de Keninginne der sels net, it feest yn de oare plakken yn Fryslân wie der net minder om.
Der kamen in soad minsken ôf op spultsjes, terraskes en fansels frijmerken. Yn Ljouwert wie it drok op de frijmerk, yn de binnenstêd fan It Hearrenfean wie in dj en yn Harns wie in muzikaal optreden.