Máxima en Kroanprins op redens

30 apr 2008 - 12:34

Kroanprins Willem Alexander en prinsesse Máxima hawwe yn Frjentsjer in rûntsje riden op de iisbaan by de Grutte Tsjerke. De kroanprins die dat yn in oranje W.A. van Burenjack, dat er oanbean krige. W.A. van Buren wie de namme dy't de kroanprins brûkte by it riden fan de Alvestêdetocht yn 1986. Nei it riden waard it jack wer ynruile foar it kolbertjaske.

By it ûnderbinen fan de redens waard Máxima holpen troch mr. Pieter van Vollenhoven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)