Besite Keninginne rint bot út

30 apr 2008 - 11:33
  • Máxima fermakke har wol yn Makkum
  • Menno Simons kaam wer ta libben

De besite fan de Keninklike famylje oan Makkum rûn woansdei wol in heal oere út op skema. It ôflizzen fan de route fan 800 meter naam net in oere yn beslach, sa't de planning wie, mar wol oardel oere. Nei 90 minuten stapte Keninginne Beatrix oan 'e ein fan de rûte wer yn de keninklike bus foar de reis nei Frjentsjer, dêr't it selskip om 12.00 oere ferwachte wurdt.

De besite oan Makkum ferrûn wol yn in ûntspannen sfear en sûnder rein. Yn Makkum wienen 15.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)