Twatalige taspraak Piersma

30 apr 2008 - 10:15

Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel hjitte de keninklike famylje woansdei wolkom mei in twatalige taspraak. Hy hie it fansels oer de Makkumer Keninginneferiening fan 1898, de oanlieding om de Keninklike famylje nei Makkum te heljen.

"Wy binne der grutsk op dat jo Keninginnedei hjir fiere wolle", sa sei Piersma. De boargemaster lokwinske ek mr. Pieter van Vollenhoven mei syn jierdei en hy winske Kommissaris Nijpels 'in noflike' lêste wurkdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)