Auto's stellen yn Ljouwert

30 apr 2008 - 10:08

De plysje docht ûndersyk nei de stellerij fan twa auto's dy't parkeard stiene by in wenning oan de Ulemar yn Ljouwert. Yn de nacht nei woansdei ha ûnbekenden twa autokaaien meinaam út in wenning.

Dat gie se maklik ôf, want ien fan de doarren fan de wenning wie net op slot. De dieven binne fuortriden yn in Audi Q7 en in Peugeot 307 dy't op de oprit stiene. Ek is noch in laptop meinaam. De Audi is tiisdeitemiddei wer weromfûn yn Alphen aan den Rijn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)