Fergees mei iepenbier ferfier

Fergees reizgje mei Arriva
Bussjauffeurs fan Arriva fiere woansdei aksje. Der kin fergees reizge wurde. Reden is dat de fakbûnen en de wurkjouwers yn it iepenbier ferfier it net iens wurde kinne oer in nije cao.
Yn Fryslân kin woansdei fanwege Keninginnedei yn elk gefal al fergees reizge wurde. Mar de aksje fan de Arriva-sjauffeurs giet tongersdei fierder. En dat sil ek sa wêze op 5, 6, 11 en 12 maaie. Ek op dizze dagen wurde der gjin ferfiersbewizen kontrolearre.