Ferkearspriis foar Dantumadiel

Dantumadiel is de earste gemeente dy't de bokaal kriget
Datumadiel hat in ferkearspriis fan 'e provinsje krige. Foar it goede belied krige de gemeente de bokaal De verstomde schreeuw. De priis is foar in organisaasje dy't wat spesjaals docht op it mêd fan ferkearsfeiligens.
Dantumadiel is de earste gemeente dy't de bokaal kriget. Dantumadiel docht in soad op skoallen en yn 'e oanpassing fan diken. Ek de deade hoeke by frachtweinen kriget omtinken. De frachtweinsjauffeursferiening hat de priis ek alris krige.