Tekoart Boarnsterhim lytser

Wethâlder Daan van der Meulen
It tekoart fan de gemeente Boarnsterhim oer 2007 is lytser as earst tocht. Yn 'e neijiersnota waard noch rekken hâlden mei 1,6 miljoen. Ut 'e jiersifers fan ferline jier docht no bliken dat dat sawat de helte is: ûngefear 830.000 euro. It ferskil komt trochdat in tal projekten foarearst útsteld binne.
Fanwege de finansjele problemen stiet Boarnsterhim noch altyd ûnder tafersjoch fan 'e provinsje.