Wurk oan krusing Snits

29 apr 2008 - 14:58

Wurk oan it krúspunt Súdwesthoekewei yn Snits jout oerlêst fan 13 maaie oant 13 juny. Op it plak komt in ekstra oerstekplak foar fytsers, nedich fanwege it nije akwadukt. De oerstek fan no is net feilich.

Yn 'e tiid dat der wurke wurdt kinne fytsers de krusing mei de Kanaalstrjitte net oerstekke. Auto's moatte rekken hâlde mei fertragings. De fytstunnel dy't der no noch leit, sil by de wurksumheden sloopt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)