Kleasterkapel mooglik ticht
De Kleasterkapel yn Sibrandahûs giet mooglik ticht. De feriening dy't konserten organisearret, hat net genoch jild om derfoar te soargjen dat der in húske komt. Dat is der no net. De Kleasterkapel hat 20.000 euro subsydzje fan de gemeente, mar it kostet 60.000 oant 80.000 euro.
De Kleasterkapel hopet dat de Stifting Fryske Alde Tsjerken de rest fan it jild by-inoar bringt.