Skip fêst ûnder spoarbrêge

29 apr 2008 - 14:12

In kraanskip hat tiisdei om it middeisoere hinne koarte tiid ûnder de spoarbrêge oer it Klifrak tusken Snits en Warkum fêstsitten. De oarsaak is noch net bekend. Spoarbehearder Pro_Rail hat de brêge ôfsletten foar it treinferkear om in ynspeksje út te fieren. De brêge is net stikken.

De bemanning fan it skip wurdt ûnderfrege troch de plysje. De fertraging foar treinreizgers op it trajekt Snits-Warkum is wer foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)