Media yn Frjentsjer en Makkum

29 apr 2008 - 13:27
  • Auto's meie der net mear yn

Frjentsjer en Makkum wurde tiisdei oerspield mei media en kameraploegen yn 'e oanrin nei Keninginnedei. Se binne benammen dwaande mei technyske saken lykas ferbinings teste. Ek skjinmakploegen binne noch manmachtich oanwêzich om alles yn oarder te krijen.

In stand-in sil tiisdei oan 'e ein fan 'e middei de rûte rinne dy't Keninginne Beatrix en har gefolch ôflizze sil. De binnenstêden binne no inkeld noch mar op 'e fyts te berikken. Auto's meie der net mear yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)