Bedriging oan 'e kassa

29 apr 2008 - 10:09

In rûzje oer boadskippen is moandei flink út 'e hân rûn yn in winkel oan 'e Beuckelaarstrjitte yn Sint Anne. In 24-jierrige man út dat plak hie dêr spul krige by de ôfrekkening. Dêrby drige de man in pot apelsmots stikken te slaan op 'e holle fan in winkelmeiwurker.

De meiwurker naaide út en de bedriger gie ek fuort. De plysje koe de man oan 'e hân fan it sinjalemint oanhâlde. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)