Frou berooft 79-jierrige man

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is moandei in man fan 79 jier beroofd troch in frou. Se wie achter him oanstapt de treppehal fan appartemintekompleks Arendstún achter it Saailân yn. Dêr besocht se de man syn hûskaaien ôf te pakken. Dat mislearre en doe helle se út syn binnenbûse in beurs mei bankpaskes. De frou rûn doe fuort rjochting sintrum.
De fertochte frou is tusken de 25 en 30 jier, 1.70 lang, smel postuer, donker skouderlang krolhier en ljochtbrún fel. Se prate Nederlânsk.