Glês yn it gesicht
De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn betiid in 25-jierrige man út de Fryske haadstêd oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 23-jierrige plakgenoat. De fertochte soe it slachtoffer mei in glês bewurke hawwe yn it gesicht. Dy moast yn it sikehûs holpen wurden oan syn ferwûnings.
De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.