Kuieralvestêdetocht fan start

Yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert is tiisdeitemoarn foar de 62 ste kear de kuieralvestêdetocht fan start gien. Goed 800 kuierders rinne tiisdei fan Ljouwert nei Sleat oer in ôfstân fan sawat fyftich kilometer.
De kommende fiif dagen rinne se de tocht fan yn totaal goed 200 kilometer troch it Fryske lânskip. Derneist sille dizze wike noch sa'n 450 kuierders ien dei fan de Alvestêderûte rinne. Se kinne sels kieze hokker dei se rinne.