Gjin Thialf Open Darts

Thialf Open Darts giet net troch
It Thialf Open Darts, dat ein maaie op It Hearrenfean foar de twadde kear holden wurde soe, giet net troch.
De haadsponsor fan it dart evenemint hat him werom lutsen, sa hat de organisaasje witte litten. Mooglik dat der ein fan dit jier nog wol in toernoai holden wurdt yn Thialf, mar dat sil dan net plak fine ûnder auspysje fan de Britske profbûn PDC. De earste edysje fan Thialf Open Darts toernoai waard foarich jier wûn troch Roland Scholten.