FNV easket aksje provinsje

28 apr 2008 - 22:15

De provinsje moat mear dwaan foar minsken dy't it dreech hawwe op de arbeidsmerk. Dat seit bestjoerder Wietze de Haan fan it fakbûn FNV. Krekt yn in perioade weryn der mear banen yn Fryslân komme, moat de oerheid oandacht besteegje oan de ekonomysk swakkeren op de arbeidsmerk.

Dat moat ûnder mear barre troch it jaan fan oplieding. Deputearre Galema stelt dat de ferantwurdlikens dêrfoar by de gemeenten en CWI's leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)