Friesland Vlees giet ticht

28 apr 2008 - 20:07

Slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert giet ticht. Eigner Aaldert Wildeboer seit dat hy de slachterij net mear draaiende hâlde kin. 100 minsken ferlieze har baan. Wildeboer hie moandei in petear mei amtners fan it ministearje fan Lânbou.

It ministearje stelde in pear wike lyn permaninte poartkontrôle yn nei berjochten oer misstannen by de slachterij. De oanfier fan fee is troch de berjochten sa goed as stil komme te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)