Wykein gjin treinen nei Starum

Wykein gjin treinen nei Starum
Troch wurksumheden oan it spoar ride fan no sneon oant en mei moandeitemoarn betiid gjin treinen tusken Ljouwert en Starum.
By Boksum en Wiuwert komt nij grint en ek wurde de oergongen oanpast. Omt it treinferkear dochs stil leit sil by Hieslum socht wurde nei eksplosiven. Yn de Twadde Wrâldoarloch ûntspoarde dêr in Dútse munysjetrein, dy't dêrnei ûntplofte. Ferfiersmaatskippij Arriva set bussen yn. Reizgers moatte rekken hâlde mei fertragings.