Imagoskea foar Friesland Foods

Suvelkoöperaasje soe mar in bytsje soja brûke
Friesland Foods rint imagoskea op nei de beskuldinging dat it bedriuw 'ferkearde soaja' brûkt yn produkten fan Friesche Vlag.
Dat seit in wurdfierder fan Friesland Foods. De stichting Natuur en Milieu seit dat foar produkten soaja brûkt fan plantaazjes dêr't tropysk reinwâld foar kape is. De stichting is sels in publykskampanje begûn om minsken dêrfan op 'e hichte te bringen. Friesland Foods seit mar in hiel lyts bytsje soaja te brûken.