Arum makket toer foar Beatrix

De Arumer toer foar Beatrix
Net allinich yn Frjentsjer en Makkum wurdt op it stuit hurd wurke oan de taridings foar de besite fan de keninginne, mar ek yn de doarpen der omhinne is it in drokte fan belang.
Sa is de doarpen om Makkum hinne frege mei in eigen ûnderdiel te kommen foar op de rûte. Yn Arum wurdt dêrom op it stuit de lêste hân lein oan it klapstik: De kop fan Jut. In projekt dat fjouwer wike lyn fan start gien is mei in tekening fan de toer fan Arum.