Byld Doutzen Kroes ûntbleate

It hat noch nea sa drok west yn it Wassenbeeldenmuseum Madame_Tussauds as by de ûntbleating fan it byld fan Doutzen_Kroes, moandeitemoarn.
Doutzen_Kroes is it earste Nederlânske topmodel dat in byld krijt yn it museum yn Amsterdam. Kroes is it gesicht fan topmerken as Victoria's Secret en L'Oréal. It byld fan it fotomodel (23) fan Eastermar komt yn goed selskip te stean, tusken prins William en sjonger Robbie_Williams.