Famkes oanholden troch foto's

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne sneintejûn twa famkes fan 15 en 16 út 'e stêd oanhâlden yn ferbân mei fernielings.
De plysje koe se oanhâlde nei oanlieding fan foto's dy't tsjûgen makke hiene fan de famkes op it momint dat se de fernielings útfierden. Om in oere as healwei tsienen smieten de beide famkes meardere ruten yn fan de bergings ûnder in flat oan De Kei. Doe't se de plysje seagen, naaiden se út. Nei in koarte sykaksje koe de plysje se dochs oanhâlde.