Hânbal: Cometas brekt mei LHS

© Omrop Fryslân
Nei fjouwer jier komt der in ein oan de gearwurking tusken hânbalferiening Cometas en de stifting Leeuwarden Handbal Stad, ek bekend as LHS. In ferskil yn fyzje oer it realisearjen fan tophânbal yn Fryslân is de reden.
LHS spilet yn de regioklasse. Om op in heger nivo te kommen woe LHS in hânbalteam foarmje mei de Friese Handbal Combinatie (fúzje Stiens en SGK), dat al yn de haadklasse spilet. Cometas wol dat net en lûkt him om dy reden werom.