Snits ferliest fan Achilles

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits spile snein yn Groesbeek tsjin Achilles '29. De koprinner wie wol in pear maten te grut foar de Snitsers. Achilles wûn mei 6-0. Snits hat yn de hiele wedstriid gjin kâns hân.
Kurieus wie noch it feit dat skiedsrjochter Bos fan Vlissingen flak foar it skoft in spierblessuere oprûn. De wedstriid lei wol in healoere stil foardat der in oare skiedsrjochter wie.