Skjinne lokomotyf presintearre

27 apr 2008 - 16:20

Mei yngong fan 2010 sil der in Switserske stoomlokomotyf troch Súdwest-Fryslân ride. Snein is oan fertsjintwurdigers fan de parse yn it Switserske Schaffhausen in skjinne stoomlokomotyf presintearre.

De stifting Stoomtrein Fryslân hâldt him al jierren dwaande mei it ûntwikkeljen en eksploitearjen fan in histoaryske stoomtrein yn Fryslân, tusken Snits en Starum. De trein sil ride op koalsiedoalje en wurdt oanpast oan de Nederlânske easken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)