Agressive man oppakt yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn de Kruizebroederstrjitte yn Snits is sneontenacht in agressive man oanhâlden. Hy skopte sa fûl tsjin de doar fan in hoarekagelegenheid, dat dy fernield rekke. Fierder fernielde er fytsen en bedrige er in portier.
Dy portier liet dat net op him sitte, en pakte de man. Dêrnei is de plysje belle en dy hat de fertochte foar neier ûndersyk yn de sel setten.