Minder brieven yn gemeente

Der komme hieltyd minder brieven en e-mails binnen yn Littenseradiel en it is net dúdlik hoe't dat komt. Dat skriuwt boargemaster Liemburg yn it boargerjierferslach.
Yn 2007 kamen der goed tûzen brieven en e-mails binnen, twa jier dêrfoar lei dat oantal mear as twa kear sa heech. Der wurdt fan alles minder ynboekt: minder sjenswizen, minder fersiken om planskea, minder offertes, minder enkêtes en minder oanfragen om subsydzje.