'Lekker crosse' yn Drachten

Mobilteitsdei yn Drachten
Ferkearsdielnimmers koene sneon yn Drachten sels ek ris in kear in off-the-road-parkoers ride. De autobrânzje hie dêrfoar in spesjale mobiliteitsdei organsisearre op it Ferkearsedukaasjesintrum.
Besikers koene ek sjen nei in demonstraasje fan in Carver. Dat is in oerkape motor op trije tsjillen dy't ek yn 'e bochten oerein bliuwt. Fierders die in soarte fan trike in parkoers mei wetter en bulten.