KNRM wol mear frijwilligers

Eefkes meifarre mei de KNRM
De KNRM siket nije frijwilligers. De kommende jierren wurde in soad bemanningsleden 55 jier en dan moatte se ophâlde by de rêdingsmaatskippij. Om it wurk sjen te litten wie der sneon yn Harns in iepen dei. Minsken koene opstappe op in rêdingsboat en dan efkes meifarre.
Der wie aardich wat flecht op 'e koai. Fjouwerhûndert minsken wiene wol ree om yn Harns in rûntsje mei te racen. Niels Korenstra (18) wie der ek. Hy is de jongste opstapper fan Nederlân.