ONS ferliest fan koprinner

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits hat sneon yn Hardenberg ferlern fan de koprinner HHC. De Snitsers ferlearen mei 1-0. HHC wie de hiele wedstriid de bettere ploech. Yn de 81e minút makke Jasper Valentijn in oertreding yn it strafskopgebiet en de penalty waard fersulvere troch Michel Steggink.
Valentijn krige troch de oertreding in giele kaart. Om't it syn twadde wie, waard er fan it fjild stjoerd en moast ONS de wedstriid mei tsien man útspylje.