Uitterdijk start as 31e op WK

26 apr 2008 - 15:59

Motorrider Jurjen_Uitterdijk fan De_Westereen giet snein as 31e fan start op it wrâldkampioenskip Supersport. De 34-jierrige koereur ried sneon yn de twadde kwalifikaasje opnij in persoanlik rekord op it sirkwy fan Assen. Syn tiid (1:44,08) wie noch in grouwe sekonde rapper as yn 'e earste kwalifikaasje.

Uitterdijk is de earste Fries yn de skiednis dy't ride sil op it wrâldkampioenskip Supersport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)